Twa Fryske slachters skoare min

27 okt 2000 - 11:27

Twa Fryske slachterijen komme der min ôf yn in gehaktest fan it Algemeen Dagblad. In slachter yn winkelsintrum Ockingahiem yn Frjentsjer krige in 4. It testpanel hie der benammen krityk op dat de slachter tefolle krûden troch it gehak docht om de smaak te ferbetterjen.

De slachter yn de Nieuwe Weme yn Wolvegea krige in 3. It gehak soe 'vies' wêze en mikrobiologysk ûnferantwurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)