Skier wol gjin kokkelfiskerij

27 okt 2000 - 11:23

Skiermûntseach hat him mingd yn de diskusje oer de kokkelfiskerij op it Waad. De gemeente wol in ferbod op meganyske kokkelfiskerij yn it natuergebiet.

Yn in brief oan it ministearje fan Lânbou neamt de gemeente de fiskerij 'uit psychologisch oogpunt onverantwoord.' De gemeente fynt it nuver dat yn it nasjonaal park fan alles beheind wurdt, mar de meganyske kokkelfiskerij net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)