Europa foarby foar Hearrenfean

© Omrop Fryslân
It debút fan Hearrenfean yn de Champions League krijt gjin ferfolch. De Feansters ferlearen woansdei thús mei 0-2 fan Olympique Lyon. Mei noch ien wedstriid foar de boech kin Hearrenfean net mear fan it fjirde plak yn groep C ôfkomme.
Hearrenfean wie in oere lang net minder as Lyon, mar neidat Huizingh yn de twadde helte in grutte kâns mist hie, koe Lyon twa kear skoare.