Twa Cambuurspilers út seleksje

27 okt 2000 - 00:00

Keeper De Ron en middenfjilder Durmusoglu fan Cambuur binne tongersdei út de seleksje set. De spilers moatte in moanne apart trene. Se wurde ferantwurdlik hâlden foar de utering yn de krante dat der gjin fertrouwen yn trener Kruys is.

De spilers ûntkenne dat se har negatyf útlieten oer de trener. It bestjoer wol de straf net taljochtsje. De spilersgroep komt sneon mei in ferklearring.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)