Fryske hynders 'roversguod'

26 okt 2000 - 18:13

It Fryske hynder is tige populêr by dieven. Neffens fersekeringsmaatskippij Interpolis bart it hieltiten faker dat Fryske hynders stellen wurde. Dat komt wierskynlik om't de hynders troch har swarte kleur dreech te herkennen binne.

De measte hynders ferdwine oer de grins, nei slachthuzen yn België. Interpolis fynt dat alle hynders in elektroanyske identifikaasjechip ha moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)