Wurkleaze allochtoanen yn krante

© Omrop Fryslân
Arbeidsfoarsjenning Noard-Nederlân en it MKB komme mei in spesjale krante mei dêryn wurksykjende allochtoanen. Mei de krante moatte wurkjouwers makliker oan geskikte kandidaten komme kinne.
De krante soe 1000 allochtoanen oan it wurk helpe kinne. Dy hoege sels gjin tastimming te jaan foar fermelding. It Frysk antydiskriminaasjeburo neamt it inisjatyf 'nuver' en `stigmatisearjend'.