Wurkstraf foar seksueel misbrûk

© Omrop Fryslân
In 37-jierrige man út Stiensgea is troch de rjochtbank yn Grins feroardiele ta in wurkstraf fan 140 oeren en 6 moanne op betingst. Hy wurdt fertocht fan it misbrûken fan in 14-jierrige jonge.
Neffens de man sels barde dat net ûnder twang. De jonge seit dat de man him mei in mes bedrige hat. De man moat ek noch in behanneling foar seksuele delinkwinten ôfmeitsje.