Nij gemeentehûs foar Skier

© Omrop Fryslân
Skiermûntseach krijt in nij gemeentehûs. It hjoeddeiske gemeentehûs is noch mar 25 jier âld, mar foldocht net mear oan de easken fan Arbo en brânwacht.
De gemeenteried moast kieze tusken ferbou of nijbou op itselde plak. It kolleezje wie kaam mei it foarstel foar nijbou. Guon riedsleden woene earst noch in ûndersyk, mar úteinlik gie in lytse mearderheid akkoart mei it foarstel.