Man delstutsen yn Harns

25 okt 2000 - 17:14

By in stekpartij yn Harns is tiisdei in 33-jierrige ynwenner fan dy stêd ferwûne rekke. Yn it âlderlik hûs krige it slachtoffer spul mei syn 31-jierrige broer. Dy stuts him ferskate kearen mei in skjirre.

It slachtoffer waard swier ferwûne oerbrocht nei it MCL yn Ljouwert. De fertochte is dyselde jûns oanholden yn it hûs fan de buorlju. Hy is ynsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)