Ungelok by Bergum Staalbouw
De wurknimmers fan Bergum Staalbouw binne tiisdei oan in ramp ûntsnapt. In 170 ton swiere brêge foel om. Der waard op it stuit lokkigernôch net oan wurke. Der foelen gjin ferwûnen omdat it personiel yn de kantine siet.
De brêge soe woansdei ferfierd wurde oer it PM-kanaal nei Frjentsjer. It pleatsen moat no lykwols fjouwer oant fiif wike útsteld wurde.