Pankoekpaviljoen of wrotmûs

25 okt 2000 - 09:47

It fuortbestean fan de Noardse wrotmûs wie tiisdei ynset fan in koart pleit foar de Ljouwter rjochtbank. De Fryske Feriening foar Fjildbiology hie it oanspand tsjin de gemeente Boarnsterhim.

De gemeente wol in pankoekpaviljoen by Terherne delsette, mar neffens de biologen is dit gebiet tige wichtich foar de beskerme wrotmûs. Fiif hoareka-ûndernimmers binne ek tsjin it pankoekpaviljoen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)