Otterstasjon is lilk op Faber

© Omrop Fryslân
De Stichting Otterstasjon Nederlân, behearder fan otterpark Aqualutra, wol net mear gearwurkje mei it ministearje. Direkteur De Jongh is út de wurkgroep weryntroduksje fan de otter stapt.
De Stichting is it ûniens mei it beslút fan steatssiktaris Faber om sels otters út te setten. Se twivelet oer de besteging fan subsydzjejild. Earder wie ôfpraat dat it stasjon de bisten útsette.