Gjin jachthaven Koatstertille
Koatstertille krijt definityf net in jachthaven by it Prinses Margrietkanaal. De gemeente Achtkarspelen wachte al twaen-in-healjier op útwurking fan it plan troch de projektûntwikkeler.
It kolleezje besleat tiisdei dat it net mear op ynfolling fan it plan wachtet. It ambisjeuze plan is fan de baan. Oaren hawwe al belangstelling toand foar de grûn.