Fryske kampioen Country-dancing
Fryslân is wer in kampioen riker. Ofrûne wykein is Kathy Drijver út Harns yn Dalfsen Nederlânsk kampioen Countrydancing wurden.
Fan de fjouwer ferskillende dûnsen wûn Kathy twa en se waard ien kear twadde. Dêrmei is Drijver de bêste fan de 34 froulju dy't meidienen. Yn april sil se meidwaan oan de Europeeske kampioenskippen.