Warskôging foar húsdokter

24 okt 2000 - 09:12

In húsdokter fan Hallum hat fan it Regionaal Tuchtkolleezje yn Grins in tuchtrjochterlike warskôging krigen. De arts skeat tekoart op medysk en sosjaal mêd yn de soarch foar in pasjinte.

De dokter ferliende gjin neisoarch oan de frou dy't in libbenleas bern krige. Pas nei twa dagen kaam er op hûsbesite, wegere de bloeddruk op te nimmen en toande gjin dielnimming foar it ferlies.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)