Winner Wachterpriis komt net

© Omrop Fryslân
De skriuwer Marek van der Jagt is sneon net yn Harns ferskynd foar de Anton Wachterpriis. Hy kriget de ûnderskieding foar syn debútroman 'De geschiedenis van mijn kaalheid'.
Kritisi tinke dat Arnon Grunberg it boek skreaun hat. De skriuwer hie yn it foar al oankundige net nei Harns te kommen. De winner kriget noch ien moanne de tiid om de priis op te heljen.