Dekhynst Heinse Kampioen

21 okt 2000 - 14:47

Dekhynst Heinse fan Reijenga út Drachten waard tongersdei op Indoor Friesland Nederlânsk kampioen foar de sjees. Ulke fan Wester út Tsjerkgaast waard twadde.

De hynst Heinse is seis jier âld en dekt dit jier sa'n 150 merjes. De oerwinning fan Heinse wie in ferrassing, want oant no ta wûn Ulke dit seizoen de measte wedstriden. De publike belangstelling foar de kampioenswedstriid wie grut.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)