Fiskstreuperij wurdt oanpakt

© Omrop Fryslân
De wetterplysje pakt yn novimber it fiskstreupen oan. It yllegale streupen op de Fryske binnenwetters wurdt in hieltyd grutter probleem. Steatssiktaris Faber makke tongersdei bekend dat ekstra plysjeminsken foar de aksje ynset wurde.
De Fryske wetterplysje is bliid mei de tasizzing fan Faber. It is net dúdlik oft it ryk ek mear jild beskikber stelt foar it personiel fan de aksje.