Reorganisaasje by Tetrapak Tebel

20 okt 2000 - 12:29

By it bedriuw Tetrapak Tebel yn Ljouwert komt in grutte reorganisaasje. Dêrby sille ûntslaggen falle, it is noch ûndúdlik om hoefolle it giet. By it bedriuw wurkje 100 minsken.

Tetrapak Tebel makket apparatuer foar de suvelyndustry. De ûntslaggen soene net foar te kommen wêze, om't it bedriuw mei miljoenen gûne ferlies draait. Tetrapak wol no saaklike partners sykje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)