Undersyk nei krisis by gemeente

20 okt 2000 - 12:29

Der moat in ûnôfhinklik ûndersyk komme nei de krisis op it gemeentehûs fan Menameradiel. Dêr hat de gemeenteried unanym om frege.

De ferhâldingen op it gemeentehûs steane ûnder druk sûnt de fakbûnen har leden weromlutsen hawwe út de ûndernimmingsrie. Sy fiele har bedriigd en yntimidearre troch boargemaster en gemeentesiktaris. Oerlis hat neat opsmiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)