Fynsten út it Waad útstald
Flessen, wasktafels, fototastellen en wc-brillen. Fan alles is der te finen yn de skippen op de boaiem fan It Waad. Allegear fan sokke nuveraardige fynsten binne no te sjen op in útstalling yn ExpoZee yn Lauwerseach.
De fynsten binne omheechhelle troch dûkteam De Zeester. Dat hat tsien jier dwaande west mei it trochsykjen fan de wrakken op de boaiem fan it Waad.