Fertraging foar plannen Harns
De binnenstêd fan Harns kin foarearst net oanpakt wurde. De Steatsrie hat it bestimmingsplan fan de binnenstêd ôfkard. De provinsje hie it plan earder al goedkard.
De plannen fan de gemeente foar de werynrjochting rinne no grutte fertraging op. De bou-oanfragen dy't der al leinen kinne earst net behannele wurde.