Ljouwert set yn op festivals

19 okt 2000 - 17:41

Ljouwert moat him de kommende jierren noch mear presintearje as festivalstêd. De gemeente en de provinsje binne ree om dêr ekstra jild yn te stekken.

Tenei kinne festivals jierliks rekkenje op seis ton, in ferdûbeling fan it notiidske budzjet. Njonken de grutte festivals krije ek de lytsere mear jild, lykas Túnlûden en Danspaleis. Der binne ek plannen foar in nij koarefestival.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)