Einlings winst foar Hearrenfean

19 okt 2000 - 13:55

SC Hearrenfean hat einlings punten helle yn de Champions League. De Friezen wûnen tiisdei thús fan Olympiakos Piraeus mei 1-0. Yn de 80e minút kopte Jensen de bal dy't Nurmela him oanjoech it doel yn.

De ploech fan De Haan focht fan it begjin ôf oan foar de sege. De Griken ferdigenen mear as dat se fuotballen. De oerwinning betsjut dat it tredde plak, foar plak yn de UEFA-beker, helber is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)