Oernamekandidaat Welgelegen

19 okt 2000 - 11:39

Foar de oername fan skipshelling Frisian Shipyard Welgelegen yn Harns hat him op 'e nij in kandidaat melden. It giet om skipshelling Van der Giessen-de Noord út Krimpen aan de IJssel. Earder al hiene har twa oare kandidaten melden.

Der wurdt al in skoft praat oer de oername fan Welgelegen. De helling kaam yn 'e problemen nei't Bylsma út Warten út it bedriuw stapte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)