Hylper dûnsgroep nei Amearika

© Omrop Fryslân
De folkloristyske sjong- en dûnsgroep Aald Hielpen út Hylpen sil Nederlân fertsjintwurdigje by de milenniumfestiviteiten fan Walt Disney World yn Floarida. Yn novimber stiet de groep 3 wiken lang hast alle dagen op 'e planken yn it teater fan Millennium Village.
It Amerikaanske ferdivedaasjepark fan Walt Disney fiert it hiele jier 2000 it begjin fan it nije milennium.