Undernimmers ynternette te min

17 okt 2000 - 18:14

Fan de Fryske ûndernimmers makket mar de helte gebrûk fan ynternet en dat is neffens de Keamer fan Keaphannel (KfK) fiersten te min. Moandei sette it projekt 'Nederland gaat digitaal' út ein mei as doel ûndernimmers it ynternetten te learen.

De kursussen wurde jûn troch de KfK, Syntens en it ICT-Center Fryslân. Der is genôch belangstelling foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)