Aqualutra moat op otters passe
Otterstasjon Aqualutra yn Ljouwert moat him allinnich dwaande hâlde mei syn kearntaak: it fersoargjen fan de otters. Dat sei steatssekretaris Geke Faber tiisdei op in seminar yn Oranjewâld oer de natuerûntwikkeling yn leechfeangebieten.
It ministearje hat nei de problemen dy't dit jier spilen by Aqualutra, de taken evaluearje litten.