Mei jurist tsjin Bullepolder

© Omrop Fryslân
Doarpsbelang Lekkum, Miedum en Snakkebuorren wol besykje it bouplan Bullepolder fan de gemeente Ljouwert op te kearen. De leden besleaten moandeitejûn om in jurist yn te skeakeljen.
Doarpsbelang tinkt yn syn rjocht te stean omdat Ljouwert gjin wenningboubelied foar de hiele stêd hat. De leden fine dat de gemeente bewize moat dat bou fan huzen yn de Bullepolder nedich is.