Fean-fans rekkenje op winst

© Omrop Fryslân
Mear as de helte fan 'e dielnimmers oan de fuotbalpoule fan www.omropfryslan.nl tinkt dat SC Hearrenfean tiisdei fan Olympiakos Piraeus wint. Sa'n 20 persint tinkt dat it in gelykspul wurdt.
Mar 22 persint tinkt dat de kampioen fan Grikelân de wedstriid yn it Abe Lenstrastadion wint. De wedstriid is folslein útferkocht. Der komme sa'n tûzen Grykse fuotbalfans fan Olympiakos Piraeus.