Rekord Sutelaksje op ien dei

© Omrop Fryslân
Sutelders fan It Fryske Boek hawwe freed foar goed 35.000 gûne oan boeken en cd's ferkocht. Dat is in rekord yn de skiednis fan de Sutelaksje. De topferkeap wie yn De Pein, Aldegea, Nijegea, it Súd (yn Drachten), De Tike en Nij-Altena.
De foarriedige tuskenstân nei fiif wiken is 420.000 gûne. Sneon is de ôfsluting fan de Sutelaksje mei de tradisjonele boekemerk yn Drachten.