Friezen: net sportyf, wol sûn?

17 okt 2000 - 11:16

Mear as de helte fan 'e Friezen docht net of mar in bytsje oan sport. Ien op de trije Friezen is te swier. Dat docht bliken út in enkête fan 'e Fryske GGD's.

Likegoed neamt 80% fan 'e ûnderfrege Friezen de eigen sûnens 'goed oant hiel goed'. Neffens it ûndersyk ûnder 4000 Friezen binne minsken mei in legere oplieding minder sûn as minsken mei in hegere oplieding.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)