Mear plysje op strjitte

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Noardwest-Fryslân sille wer mear plysje yn harren buert sjen. Moandei sette de plysje yn dat distrikt út ein mei in nije wize fan wurkjen: it Gebiedsgebonden Werken.
De plysje is dan yn prinsipe altyd op strjitte yn stee fan te wachtsjen oant in melding komt. Yn Frjentsjer en Sint Anne komme wer plysjeburo's en letter komme ek noch 4 posten op lytse doarpen.