Wer ferlies foar Drachten

© Omrop Fryslân
De Drachtster fuotballers yn de earste klasse F steane nei sân wedstriden noch hieltyd op nul punten. Tsjin Wolvegea ferlearen se snein mei 4-6.
De winst kaam foar rekken fan Wolvegea, al krije sy dit seizoen ek hieltyd in protte tsjindoelpunten. Sharma makke trije goals en Plat skoarde twa kear. Hy is dêrmei topskoarder. Hy skreau oant no ta al alve doelpunten op syn namme.