Winst foar Cambuur

© Omrop Fryslân
Cambuur hat sneon mei 3-1 fan VVV wûn. It wie de earste oerwinning fan de Ljouwerter fuotbalklub foar eigen publyk. Yn de earste helte kaam de thúsploech 1-0 achter te stean. Cambuur like tsjin de Limburgers gjin kânsen te krijen.
Pas nei rêst skoarden de Fryske spilers. Van der Heide makke twa doelpunten, yn de 77e en nochris yn de 85e minút en Van Utrecht skoarde yn de 80e minút.