Projekt foar thúsbefallings

13 okt 2000 - 18:25

Om foar te kommen dat it tal thúsbefallings ûnder druk komt, wurdt yn Fryslân út ein set mei in saneamd District Verloskundig Platform. Yn dat platfoarm wurkje ferloskundigen, húsdokters, kreamsoarch en fersekerers gear.

Freed is yn Snits in yntinsjeferklearring tekene foar it inisjatyf, dat sjoen wurdt as in pilot-projekt. It projekt wurdt stipe troch de oerheid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)