Reklame-auto weromstellen

13 okt 2000 - 16:34

De reklame-auto fan autobedriuw Van der Veer út Surhústerfean is wer by de eigner werom. De gemeente Achtkarspelen hie de auto tongersdei út it sintrum fan Surhústerfean fuortslepe litten, om't er, optúcht mei reklamepanelen, by de dyk stie. Ek nei warskôgings wegere Van der Veer de auto fuort te heljen.

It autobedriuw hat de auto no weromstellen en riskearret dêr in straf mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)