Ein Westereinder doarpsfeest?

13 okt 2000 - 11:51

It ein fan it Westereinder doarpsfeest liket yn sicht. Ut in enkête fan de Stichting Doarpsfeesten blykt dat de Westereinders der net genôch jild foar oer hawwe. Boppedat binne der te min frijwilligers te finen.

Foar it twajierlikse feest is 60.000 gûne nedich. De Westereinders wolle meiinoar mar 10.000 op it kleed lizze. It bestjoer hat besletten ôf te treden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)