GGD wol omtinken foar HIV-test

© Omrop Fryslân
De GGD wol meikoarten alle Fryske homoseksuele manlju benaderje foar in HIVtest. Ut lanlik ûndersyk blykt dat hja har faak net teste litte om't se tinke dat der dochs neat oan it firus, dat aids feroarsaket, te dwaan is.
Fia belange-organisaasje COC en praatgroepen wol de GGD manlju no oertsjûgje fan it nut fan in test. Nije medisinen ha de oerlibbingskâns fergrutte.