Kobus Walsma nei Earste Keamer

© Omrop Fryslân
Ald-deputearre J. Walsma út Hurdegaryp wurdt lid fan de Earste Keamer. Mei yngong fan novimber folget er Hirsch Ballin op dy't nei de Steatsried giet. Walsma is de earstfolgjende kandidaat op de list fan it CDA foar de senaat.
De Fries naam yn april foarich jier ôfskied fan de provinsjale polityk. Hy wie 21 jier lid fan Provinsjale Steaten ,wêrfan 13 jier as deputearre.