Anti-lûs kampanje yn Fryslân

© Omrop Fryslân
De GGD is woansdei begûn mei in antilûskampanje op de basisskoallen. De hollelûs is noch lang net útroeid, neffens de GGD. Al jierren bringt it meunsterke ien op de fjouwer learlingen fan 'e basisskoallen in besite.
Neffens de GGD waard de hollelûs eartiids assosjeare mei krisis en ûnhygiënyske tastannen. Dat is no achterhelle mar bestriding is noch altyd dreech.