Bertine Spijkerman tredde op WK

11 okt 2000 - 11:37

Bertine Spijkerman fan Sint Nyk waard tiisdei tredde by de tiidrit foar junioaren op it WK hurdfytsen yn Frankryk. De Française Vandekerckhove wûn de tiidrit yn Plouay.

Frederike van der Wiel fan De Harkema einige as fyfde. Freed dogge beide hurdfytstalinten mei oan de wedstriid op 'e dyk. Josefien Groenveld fan Toppenhuzen is dan ek fan 'e partij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)