Stynsgeaster homo skammet him

11 okt 2000 - 11:37

De Grinzer rjochtbank hat tiisdei seis moanne selstraf easke tsjin in ynwenner fan Stynsgea (37), omdat er seks hie mei in 14-jierrige jonge yn 'e stêd Grins.

De man sit der tige oer yn dat syn famylje en freonen der no achter komme dat er homo is, want dat wol er eins net wêze. 'As ik in fêste relaasje krij, is dat mei in frou, want sa heart it', sei de man foar de rjochtbank.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)