Koerdyske famylje nei Stienwyk

10 okt 2000 - 12:20

De dakleaze famylje Düzgün kin foarearst telâne yn it Broederskapshûs fan 'e Menniste Tsjerke yn Stienwyk. Yn dat hûs is plak foar alle 10 leden fan 'e famylje.

De Düzgüns sliepten ferline wike twa nachten ûnder it stasjon fan It Hearrenfean. Se binne 9 dagen lyn út it AZC fan Zevenaar set. No freed bepaalt de rjochter yn Swol oft de Koerdyske famylje al of net rjocht hat op foarsjennings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)