Betelle parkearen yn Snits

© Omrop Fryslân
Foar it parkearen yn de binnenstêd fan Snits moat tenei betelle wurde. De gemeente wol auto's safolle mooglik út it sintrum hâlde. Der komme transferpunten oan de râne fan 'e stêd foar goedkeap parkearen.
Fierder fiert de gemeente in parkearsysteem yn dat op de rûnwei oanjout wêr't yn 'e stêd noch rûmte is. De kosten (13 miljoen gûne) komme út it parkearjild.