Asylsikers easkje feilichheid

© Omrop Fryslân
Sa'n 35 bewenners fan it AZC yn Kollum ha moandei by boargemaster Visser mear omtinken foar harren feiligens easke. Oanlieding foarme in stekpartij, ôfrûne freed. In 29-jierrige asylsiker út Kollum waard doe mei in mes stutsen. Hy moast mei in ambulânse nei it sikehûs.
Boargemaster Visser hat ûnderwilens in petear hân mei de plysje oer de feiligens fan de asylsikers.