Mearderheid foar lytsere AZC's
Gemeenten krije ynkoarten de mooglikheid om lytsere asylsikerssintra te pleatsen. It Kollumer Twadde-Keamerlid Bert Middel (PvdA) komt tongersdei mei it plan om de minimumnoarm op 200 bewenners te stellen yn stee fan de 400 fan no.
Om de kosten te drukken soene de lytsere sintra langer iepenbliuwe moatte as de 5 jier dy't no jildt. Foar dit plan liket no in Keamermearderheid te wêzen.