Mear jild foar Beetstersweach
De provinsje is ree mear jild te stekken yn de nijbou fan Revalidaasje Fryslân yn Beetstersweach. Betingst is wol dat ek oare partijen, lykas de gemeente, mear ynvestearje wol.
De provinsje draacht no sa'n trije ton by oan de totale boukosten fan 3,5 miljoen. Deputearre Bijman sei dit moandei yn Beetstersweach by de iepening fan de Fryske Paralympics-wike.