Koerden ha tydlik ûnderdak

© Omrop Fryslân
De Koerdyske famylje hat freedtenacht op in souder fan in pleats sliept. Mei help fan de AZC-wurkgroep fan It Hearrenfean en de tsjerke yn Drachten kinne de tsien minsken it wykein yn Ketlik oerbliuwe.
Earder brochten se twa nachten troch op it stasjon op It Hearrenfean nei't se op strjitte set wienen. Mooglik falt de groep ûnder in wet dêr't yn stiet dat Koerden net op strjitte set wurde meie.