Koerden sliepe op stasjon
De Koerdyske famylje Düzgün hat tongersdeinacht op it stasjon fan It Hearrenfean slept. It giet om in húshâlding fan 10 minsken, Sara fan 4 is de jongste.
Yn ôfwachting fan har rjochtsaak, nije wike freed yn Swol, hat de famylje gjin ferbliuwsplak of jild om te oerlibjen. Op it Hearrenfean sochten se help fan in Koerdyske asylsiker, mar dy mei yn it AZC gjin útfanhuzers ûnderbringe.